Dichter fan Fryslân

Poet of Fryslân

Dichter van Fryslân

Arjan Hut 04/04/2024

Minder wifi, mear poëzy!

(In gedicht yn boektitels)

God, as Jo der binne –
Lit alle blossoms yn laitsjen útbarste –
Ik libje noch

Ik reizgje allinne –
Manysk depressyf
Unoantaastber

Wurden sûnder haven
Sliepe yn in frjemde taal

Sis my wa’t ik bin –
De man dy’t rinne moat
(Salút au monde!)
It bern dat oer it wetter blaast
(In middei wyt as molke)
De iene ielreager dy’t opwjokket
(Wêrom is de himel swart?)

Ik wol libje
Op weagjende grûn
Op de flerken fan myn tinzen

Ik reizgje allinne –
Nachts ferdwynt de wrâld
Wurd för wurd för wurd

Ik libje noch –
De hin dy’t oer it sop fleach
Yn de keuken fan de duvel

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy of sy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden.

Arjan Hut

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel ‘Nachtswimmers’. Hy wie earder stedsdichter fan Ljouwert en waard yn 2019 foar twa jier beneamd ta Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hut is redakteur fan ‘de Moanne’ jout poëzijles oan de Skriuwersfakskoalle en de Schrijversvakschool en makket tegearre mei Gabriëlle Terpstra de podcast ‘Net Ferkeard’. Hy soe graach presys witte wat der mei JFK barde, hâldt fan boeken, films, samba jazz en hardrock. Hy is troud, hat twa bern en ien kat. Syn meast resinte, sechsde bondel, ferskynde yn 2023 en hjit fan ‘Ien tel de ierde stil’.